KNSB warskôget, mar reedriders gean dochs natueriis op

22 jan 2017 - 10:57

De KNSB warskôget sneintemoarn dat it noch hieltyd net ferantwurde is om it natueriis op te gean. Dochs weagen ferskate minsken it der sneintemoarn wol op. Under oare op De Brekken by Snits bûnen minsken de redens ûnder om in pear streken op it iis te setten.

It hat sneontenacht aardich ferzen, mar it reedrydbûn advisearret dochs om net op marren, kanalen of sleatten te riden. Hielendal om't de temperatuer sneintemiddei wer boppe it friespunt komt. De KNSB sjocht dêrom leaver dat minsken allinnich reedride op de offisjele iisbanen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)