Mûntsen presintearje dizze wike bouplannen foar it kleaster

Mûntsen op Skiermûntseach © Omrop Fryslân
Kommende wike sille de mûntsen fan Skiermûntseach de bouplannen foar har nije kleaster presintearje. In jier lyn kamen de Cisterciënzer mûntsen út Diepenveen nei it eilân ta, mei plannen om dêr in nij ûnderkommen te bouwen. Neffens saakwaarnimmer Peter Thissen krijt it kleaster moderne snufkes, lykas sinnepanielen.
De fiif mûntsen dy't har op Skier fêstigje wolle, sykje foaral rêst en stilte. Se sille har dan ek net bot minge yn de mienskip. Wol sil der gearwurking socht wurde mei eilanner boeren foar de produksje fan biologyske tsiis.