Plysje It Hearrenfean sil faker kontrolearje yn it sintrum

ABC Complex It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Feike Wouda
De plysje op It Hearrenfean sil de kommende tiid faker kontrolearje yn it sintrum. Der binne by de plysje klachten binnenkaam oer fytsers dy't har net oan de regels hâlde. It giet fan benammen oer minsken dy't fytse yn it fuotgongersgebiet.
Der jildt op It Hearrenfean ûnder oaren in fytsferbod foar winkelstrjitte de Dracht of as der in merk is. De plysje warskôget dat in boete foar dizze oertrêding 39 euro is.