"We hebben hier verdiend de drie punten gewonnen"

22 jan 2017 - 07:48

De oerwinning dy't Cambuur sneontejûn boekte op Jong PSV is dik fertsjinne. Dat fynt Tarik Tissoudali. De nijkommer spile de twadde helte mei en scoarde yn de 68e minút de 2-0. Dat wie ek de einstân op De Herdgang, dêr't 328 taskôgers wienen.

Yn de earste helte hie Sander van de Streek al nei 56 sekonden de 1-0 op it boerd setten. De middenfjilder foel letter lykwols blessearre út. Hy hat nei alle gedachten in hamstringblessuere.

Domper

"Dat wie de grutste domper fan de wedstriid", sei trainer Sipke Hulshoff nei ôfrin. Hy tinkt net dat Van de Streek kommende wike ynsetber is yn it bekerduel mei FC Utrecht.

Sels woe Van de Streek dêr noch gjin útspraken oer dwaan. "Ik krijg zondag een echo, dan moet blijken hoe ernstig het is. Ik ben uit voorzorg gewisseld. Ik trok een sprintje en voelde een tikje in mijn hamstring. Toen ben ik op het veld gaan liggen."

Grut komplimint

Utsein de blessuere fan de middenfjilder wie trainer Hulshoff tige tefreden oer it resultaat yn Eindhoven. "In grut komplimint oan it team. Se ha sjen litten dat se profesjoneel binne, rêstich bliuwe kinne en dat se it ôfmeitsje kinne."

Dêrmei doelt er ek op it de earste helte. Nei de 1-0 krige Cambuur noch wol in pear kânsen, mar nei 25 minuten kaam Jong PSV ek better yn de wedstriid. "Gelukkig hebben we toen weinig weggegeven. Ik miste eerst nog een grote kans op de 2-0, maar gelukkig maakte ik hem later wel", fertelt Tissoudali.

Hy is ek bliid dat er de hiele twadde helte spylje mocht. "Het voelt lekker om weer langer te voetballen. Ik voel dat ik beter word."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)