UNIS Flyers ferliest mei 3-2 fan Hijs Den Haag

Yn Thialf hat UNIS Flyers sneon mei 3-2 ferlern fan Hijs Den Haag. Postma like de earste goal te meitsjen, mar de goal waard ôfkard. Yn de 16e minút wie it Den Haag dat op 1-0 kaam. De Flyers kamen foar de ein fan de earste perioade noch op likense hichte, Demelinne makke yn de 19e minút de 1-1.
Yn de twadde perioade makke Den Haag nei 12 minuten de 2-1 en fuort dêrnei wie it ek al 3-1. Yn de lêste perioade skoarde Marco Postma yn de 47e minút de oanslutingstreffer. Mar mear siet der net yn foar de ploech fan Mike Nason.
It wie it earste ferlies foar de iishockeyers fan It Fean yn de kompetysje.