Carla Ketellapper tredde op KPN Maraton yn Grins

21 jan 2017 - 22:29
Foto: Timsimaging.nl

Carla Ketellapper-Zielman út Rottum is sneon as tredde einige op de KPN Maraton Cup yn Grins. Op de iisbaan fan it kompleks Kardinge wie de winst foar Irene Schouten fan Andyk. Elma de Vries, dy't no yn Meppel wennet, waard fjirde. Oare Fryske froulju yn de top 10 wiene Merel Bosma op plak 7 en Ankie IJtsma op plak 10.

Elma de Vries hâldt de lieding yn it klassemint.

By de manlju gie de winst nei Niels Mesu út Seelân dy't op It Hearrenfean wennet. Hy wie de sterkste yn in kopgroep fan 21. Bob de Vries fan De Haule waard tredde. De ek op It Hearrenfean wenjende Luc ter Haar waard fjirde en de Brabanner Cripijn Ariëns út Wolvegea waard 6e.

(Advertinsje)
(Advertinsje)