Follybalsters Snits kânsleas yn Apeldoorn

21 jan 2017 - 22:25
Foto: AWfoto

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneon yn Apeldoorn tsjin Coolen-Alterno mei 3-0 ferlern. De earste set waard ferlern mei 25-20. Yn de twadde set sieten de Snitsers better yn de wedstriid, mar Alterno pakte úteinlik de set mei 28-26. De tredde set gie yn 25-18 dernei ek rom nei de Apeldoornske ploech.

Troch it ferlies komt Coolen-Alterno tichterby, mar bliuwt de ploech fan Petra Groenland op it tredde plak stean. Tongersdei spilet VC Snits de twadde wedstriid yn de heale finale fan de beker tsjin Pharmafilter US yn Amsterdam.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)