Fryske reedrydster Ellia Smeding yn BBC Breakfast

21 jan 2017 - 21:40
Opnames Ellia Smeding yn de Ljouwerter Alvestêdehal - Foto: Facebook GB Speedskating Longtrack

Ellia Smeding út Harns stiet sintraal yn in filmke dat sneon op BBC Breakfast west hat. It programma hat in rubryk dêr't Britten yn yn de kunde komme mei foar harren ûnbekende sporten. Begjin jannewaris wie in BBC-ploech foar opnames yn de Ljouwerter Alvestêdehal. Ellia Smeding ried doe de 100 meter tsjin presintator Mike Bushell fan it programma. Dy hie earst les hân op de baan yn Ljouwert.

In grut tal oare Britske reedriders wie ek oanwêzich by de opnames yn Ljouwert. It langebaanriden is foar de measte minsken yn Ingelân in ûnbekende sport. It Britske team hat yn it eigen lân sels gjin baan om op te riden. It reedriidbûn fan Ingelân wol dat graach feroarje en sjocht de iishal yn Ljouwert as in moai foarbyld foar in baan yn eigen lân.

In promo foar it filmke ferskynde op sosjale media. It filmke sels wie sneintemoarn te sjen op telefyzje. Dat makket it Britske reedrydteam GB Longtrack Speedskating op Facebook bekend. Yn Nederlân binne filmkes op de site fan de BBC net te sjen. Dy binne ôfskerme.

Ellia Smeding docht op dit momint mei oan de wrâldkup foar junioaren yn it Italiaanske Collalbo. Se waard sneon fyftjinde op de 3000 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)