Slachtoffer (21) ûngelok by Easterein ferstoarn

Ungelok by Easterein © CAMJO Media
De man dy't freed by in iensidich ûngelok op de Wynserdyk by Easterein ferwûne rekke, is sneon stoarn. It giet om in man fan 21 út Reahûs. Syn auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak op de kop yn de sleat. Foar it ûngelok waarden in trauhelikopter en in ambulânse oproppen. De man is mei spoed mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is er sneon oan syn ferwûnings stoarn, melde de plysje.