Fjouwer auto's iepenbrutsen op parkearterrein Beetstersweach

21 jan 2017 - 17:40
Foto: Facebook Plysje East-Fryslân

Fjouwer auto's binne freed iepenbrutsen yn Beetstersweach. Se stiene op in parkearplak oan de Van Harinxmawei. De ynbrekkers sloegen harren slach yn it jûnstsjuster, tusken kertier foar seizen en healwei alven. Twa tablets en in beurs binne stellen.

Minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't der mear fan witte, kinne belje mei de plysje op it telefoannûmer 0900-8844.

(Advertinsje)
(Advertinsje)