Slachtoffer (21) ûngelok by Easterein ferstoarn

21 jan 2017 - 17:40

De man dy't freed by in iensidich ûngelok op de Wynserdyk by Easterein ferwûne rekke, is sneon ferstoarn. It giet om in man fan 21 út Reahûs. Syn auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak op de kop yn de sleat.

Foar it ûngelok waarden in traumahelikopter en in ambulânse oproppen. De man is hurd mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht. Dêr is er ferstoarn oan syn ferwûningen, sa befêstige de plysje sneon oan de ein fan de middei.

Trefwurden: 
ûngelok Easterein
(Advertinsje)
(Advertinsje)