Feroarings yn jeugdfuotbal gean definityf troch

© Omrop Fryslân, Andor Faber
De KNVB-plannen foar fernijings yn it jeugdfuotbal gean definityf troch. Fertsjintwurdigers fan amateurklups hawwe dêr sneon mei ynstimd. Bern oant 12 jier spylje tenei yn lytsere teams op lytsere fjildsjes. De spilerkes wurde yndield yn fjouwer kategoryen. De twa jongste groepen spylje sûnder keeper mei de lytste goaltsjes. Wat âlder de spilers, wat grutter it fjild.
Doel fan de feroarings is dat de bern mear balkontakt krije by lytsere fjildsjes en mear wille yn it spyljen. De feroarings gean takom seizoen yn.