Smeekens en De Neeling winne earste 500 meter op NK sprint

21 jan 2017 - 16:16

Sanneke de Neeling hat de earste 500 meter fan it NK sprint wûn. De kampioene fan 2016 ried 38.88. Floor van den Brandt waard twadde yn 38.92 en Anice Das tredde yn 38.95. Janine Smit en Ireen Wüst waarden fjirde en fiifde mei 39.14 en 39.28. Letitia de Jong waard sechsde yn 39.46.

Jan Smeekens wie de rapste by de manlju. De Sallander út Snits ried 34.85. Ronald Mulder waard twadde yn 34.98, Dai Dai Ntab tredde yn 35.08. Sjoerd de Vries ried nei in moai fiifde plak yn 35.55. Jesper Hospes waard njoggende mei 35.68.

Trefwurden: 
reedriden NK sprint
(Advertinsje)
(Advertinsje)