Legionella: FVC-spilers kinne net by de klup dûse

Dûs (fotofoarbyld) © ANP XTRA
De Ljouwerter fuotbalklup FVC kin de dûsen al wiken net brûke. Yn it wedstriidkompeks Wiarda by Goutum is legionella konstatearre. Behearder BV Sport fan it kompleks is dwaande de problemen te ferhelpen.
FVC-foarsitter Jaap Vosman seit te hoopjen dat de dûsen it kommend wykein wer brûkt wurde kin. Yn de tuskentiid wurde de foarsjennings fan de oare fuotbalklup op Wiarda, Blau Wyt, brûkt.