Bou Hollandiatunnel A7 by De Jouwer leit op skema

21 jan 2017 - 15:19

De bou fan de nije Hollandiatunnel ûnder de A7 by De Jouwer troch rint op skema. Dat sei de projektorganisaasje sneon op de iepen dei foar omwenners. Dy koene yn de tunnelbak op foto's en tekeningen sjen hoe't it derút komt te sjen.

De nije tunnel yn de dyk tusken De Jouwer en Skarsterbrêge moat yn septimber iepengean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)