Van Harinxmakanaal yn Harns ticht foar skipfeart

Peallen wurde yn de boaiem fan it Van Harinxmakanaal treaun by de Keningsbrêge © Stefan Postema
Skippen kinne dit wykein net oer it Van Harinxmakanaal troch Harns farre. It kanaal is ticht fanwegen de oanlis fan in akwadukt by de Keningsbrêge. Mei in grutte kraan op in ponton wurde daamwanden yn it wetter treaun. Moandei moat it kanaal wer iepen wêze.