Yvonne Nauta wint ek de 1500 meter op it NK allround

21 jan 2017 - 14:38

Yvonne Nauta hat op de 1500 meter op it NK allround wer in lyts bytsje fan har efterstân yn it klassemint ôfhelle. Nauta wûn de 1500 meter yn 1.58.20. Marije Joling waard twadde yn 1.58.46, Annouk van der Weijden tredde yn 1.58.62. Yn it algemien klassemint stiet Marije Joling nei trije ôfstannen noch altyd earste, foar Linda de Vries en Yvonne Nauta. Nauta moat snein op de ôfslutende 5000 meter 4.28 sekonden goedmeitsje op Joling en 1.15 op De Vries.

Freed wie Yvonne Nauta ek al de bêste op de 3000 meter.

De frou dy't snein Nederlânsk kampioen allround wurdt mei ek meidwaan oan it WK allround fan begjin maart yn Hamar. Dan moatte op de wrâldbeker fan ein jannewaris yn Berlyn trije Nederlânske froulju by de earste 24 stean yn it klassemint oer de 1500 en 3000 meter.

Patrick Roest wûn by de manlju de 1500 meter yn 1.46.36. Jan Blokhuijsen waard twadde yn 1.47.80, Marcel Bosker tredde yn 1.48.02. Yn it klassemint is Roest de nije lieder. Op de 10 kilometer hat er mar 0.88 foarsprong op Blokhuijsen.

Trefwurden: 
reedriden NK Yvonne Nauta
(Advertinsje)
(Advertinsje)