Hea! siket jim help: skriuw mei oan it nije Hea!-liet

21 jan 2017 - 14:16

“Hé, hé, it is in ‘hea’like dei!” Wa kent de ôfsluter fan it fleurige liet fan Hea! net? In ferske dat sûnt it begjin, 7 jier ferlyn, ferbûn is oan it populêre telefyzjeprogramma. Dochs tinke de programmamakkers dat der wolris wer wat nijs komme kin, mar dêr ha se wol de help fan de harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân foar nedich. Wy leinen oan gearstaller Carin Seegers fan Hea! in pear fragen foar oer it bysûndere projekt.

Hoe kamen jim op it idee foar it nije Hea!-liet?
"It is absolút net sa dat it âlde ferske net mear foldocht. Wy wolle allinnich sa graach ferbining en ynteraksje mei ús publyk en dit like ús in prachtige kâns dêrfoar. Sûnder harren kinne wy it programma Hea! net meitsje, dus wolle we ek dit graach mei harren help dwaan."

Wêrom is dy gearwurking mei de harkers en sjoggers sa belangryk?
"Hea! is in programma dat tichtby de minsken stean wol: foar, oer en mei gewoane minsken en wat harren deistich dwaande hâldt. Wy fine it hiel belangryk om mei it nije liet it ús-gefoel te stimulearjen: ús publyk, ús liet, ús omrop. En wy hoopje fansels dat wy der mei-inoar yn slagje dat it nije liet yn de Fryske top 100 fan 2017 komt."

Op wat foar wize kinne de minsken meidwaan?
"We roppe de harkers en sjoggers op om in wurd, in moaie of grappige útspraak, in tekst, of miskien wol in gedicht yn te stjoeren. Us fraach dêrby is: wat komt by jim op as jim oan Hea! tinke. It nije liet moat it gefoel fan Hea! oproppe? Wêr stiet Hea! foar? Ynstjoere kin fia de Omrop-app, mar ek fia de spesjale tema-webside fan Hea!."

En hoe giet it projekt dan fierder?
"Mei alle ynstjoeringen sil in bekende Fryske muzikant in liet en in melody skriuwe. Wa’t dat wêze sil, hâlde we noch efkes geheim. Nei it betinken fan tekst en muzyk, is it tiid foar it ynsjongen fan it liet en it meitsjen fan in fideoclip. Ek dêrfoar sille wy de help fan ús harkers en sjoggers oproppe. Amateursjongers dy’t meidwaan wolle (allinnich, mei in groepke of mei in koar) kinne har dan by ús oanmelde."

Wannear kinne wy it einresultaat ferwachtsje?
"As alles goed giet, is de presintaasje fan it nije Hea!-liet en de fideoclip op sneon 8 april. Yn de tuskentiid hâlde wy elkenien alle wiken op ‘e hichte yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot. Dêrneist ha wy ús eigen temapagina op de Omrop-webside mei ynformaasje, de trailer, reportaazjes, backstagebylden en in formulier sadat minsken harren opjaan kinne om mei te dwaan."

Trefwurden: 
Hea! Hea!-liet Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)