Chris Wassenaar lit tsjerkeklokken fan Berltsum klinke

21 jan 2017 - 12:57

Mear as hûndert tsjerken yn it hiele lân dogge mei oan de aksje Kerkbalans. Se litte om 13 oere harren klokken liede, om sadwaande omtinken te freegjen foar in frijwillige bydrage fan it pleatslike tsjerkewurk.

De Protestantske Gemeente fan Berltsum docht ek mei. Sy hiene de eardere topkeatser Chris Wassenaar regele om dêr de tsjerkeklokken fan de Koepeltsjerke te lieden. De aksje fûn úteinlik plak yn de Krústsjerke fanwegen in begraffenis yn de Koepeltsjerke.

De tsjerke fan Berltsum hat it jild fan foarige aksjes brûkt om ûnder oare it oargel te restaurearjen en de tsjerke op te knappen. 

Nei it lieden fan de klokken gongen frijwilligers it doarp yn om jild op te heljen. 

(advertinsje)
(advertinsje)