Minder Fryske ûndernimmers steane op Boot Düsseldorf

Der binne minder Fryske wettersportûndernimmers nei Boot Düsseldorf ôfreizge as ferline jier. Dat seit Carla Boonstra fan Merk Fryslân. Sels stiet de organisaasje ek op de Dútske beurs. De Dútske merk is al hiel lang wichtich foar it toerisme yn Fryslân.
Dat der dochs minder wettersportûndernimmers op Boot Düsseldorf stean, komt neffens Boonstra trochdat guon ûndernimmers ynsette op online kontakten mei de klanten. Dat is in stik goedkeaper as tsien dagen op in beurs.
Oan de oare kant, kinne je potinsjele klanten wol wat mear mei jaan as je se echt moetsje, tinkt Boonstra. Sa is der in shantykoar aktyf en drûge woarst mei bearenburch te krijen by de Fryske ûndernimmers dy't sa Fryslân ek as smûke wettersport provinsje ferkeapje wolle.