Omrop TIP: Hait, portret van een hemd

21 jan 2017 - 12:50

Fan 2011 oant 2016, foarme heits wite himd de reade tried yn it wurk fan keunstskilder Hendrik Elings. Heit Rint Elings posearret yn de jierren dêrfoar faak foar syn soan. Hy hie dêrby steefêst in wyt himd oan. Yn de rin fan ‘e jierren bliuwt it himd itselde, mar heit Elings feroaret fan in stoere sterke man nei siik, broazelich, meager en ôfwêzich. Hy hat Alzheimer en komt yn 2009 te ferstjerren oan de gefolgen dêrfan.

Portretten yn it himd fan heit

Fiif jier lang folgen filmmakkers Petra van der Molen en Rob Pieters de keunstskilder Hendrik Elings fan it Bilt. Dat resultearret yn de dokumintêre 'Hait, portret van een hemd'. Yn 2011 beslút Hendrik Elings it net by portretten fan syn heit te litten. Bruorren, susters en syn soantsje Bowe wurde ek frege om yn heits himd te posearjen. De sykte fan Alzheimer hat in grutte ynfloed op de famylje. Under de posearsesjes giet it petear dan ek foaral dêr oer. De kamera sjocht en harket mei. Oantinkens, Alzheimer, ôfskied en fuortgean foarmje de yngrediïnten fan de petearen, dy’t folslein yn it Biltsk fierd wurde.

De dokumintêre 'Hait, portret van een hemd' is sneon om 15.30 oere en snein om 13.05 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Telefyzje om 17.00 oere. Of besjoch it programma no al hjirboppe.

Trefwurden: 
Omrop Tip Hendrik Elings
(Advertinsje)
(Advertinsje)