Fontein Snits symbolisearret foarspoed en tsjinslach

Snits krijt in fontein dy't symboal stiet foar de foarspoed en tsjinslach fan de stêd. De Dútske keunstner Stephan Balkenhol presintearre it ûntwerp yn it ramt fan it 11Fountains-projekt sneontemoarn yn it Skipfeartmuseum yn Snits.
It is in man dy't op in gouden bal stiet. Hy draacht in hoarn ("de hoorn des overvloeds"), dêr't it wetter útkomt. It wetter komt telâne op de gouden bal en soarget derfoar dat de fontein rûndraait.
Foar Kulturele Haadstêd 2018 krije alle alve stêden in fontein kado. Balkenhol wurket benammen mei hout en brûns. Der is bewust keazen foar in Dútske keunstner yn Snits, om't de stêd bannen hat mei dat lân en om't Dútske toeristen graach nei Snits komme. De fontein komt te stean oan it Hoogend, achter de Wetterpoarte.