FOTO: Op syk nei de ideale fakânsje op Caravana

Bûten leit de temperatuer om it friespunt hinne, mar yn de ekspohallen fan it WTC yn Ljouwert hearsket in simmerske sfear. De Caravana is wer úteinset en dat betsjut dat tûzenen minsken op syk binne nei harren ideale kampearfakânsje.
It tema dit jier is 'proef de vrijheid'. Ferline jier kamen der sa'n 48.000 besikers op de beurs ôf. De organisaasje hopet dit jier op 50.000 minsken.