Sealfuotbalfroulju Drachten pakke winst tsjin Drs. Vijfje

21 jan 2017 - 09:23
Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 6-2 wûn fan it Grinzer Drs. Vijfje. By rêst stienen de froulju noch lyk: 1-1. Nei de tee pakten de Drachtster froulju de foarsprong, mar de Grinzers kamen dochs wer op likense hichte. Pas yn de lêste acht minuten fan de kompetysjewedstriid rûn Drachtster Boys út nei in 6-2 foarsprong.

De froulju fan Avanti út Stiens gongen by Nieuw Roden ûnderút. It waard dêr 5-3 foar de thúsploech. Yn de kompetysje stiet Drachtster Boys op it fjirde plak, Avanti stiet tsiende.

(Advertinsje)
(Advertinsje)