Kollum: "Oant tsien telle"

21 jan 2017 - 08:24

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"In hiele goeiemoarn.

1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8, 9, 10.

Tsien tellen stilte. Dêr ha jim niis nei lústere. En ik tink dat de measten fan jim binnen dy tsien tellen al senuweftich trije senario’s trochspitten ha fan wat der oan de hân wie, of better, wat der mis gie. Want dat is de natuerlike reaksje as der gjin lûd út de radio komt. Der sil grif yn de studio wat mis gean. De technyske regelneef hat oan in ferkeard knopke sitten en is doe om kofje gien. Of dat ik de tekst kwyt bin. Guon fan jim ha grif al oan de knop draaid, omdat de radio miskien net hielendal goed op de frekwinsje fan 92.2 FM ôfstimd stie.

Talleaze gedachten binnen tsien tellen stilte op de radio. Want dat is eat dat je net ferwachtsje. Wêr yn de media is it noch tsien tellen stil? Hokker stjoerder kin him tsien tellen neat feroarloovje? No, de Omrop dus, omdat dy kollumnisten ha dy’t sels harren ûnderwerp betinke meie. Net omdat it moat, mar omdat it kin. En ik wol it hjoed oer refleksje ha.

As je razend lilk op ien binne, moasten wy earst oant tsien telle en dan pas reagearje. Dat sille jim ek sa meikrigen ha. No ja, opljeppen Wâldpiken telle miskien oant fiif, mar it idee is itselde. Even wachtsje mei de reaksje. Tsjintwurdich is alles oars. Even neitinke oer wat der no krekt oan de hân is, is wol hiel 1984.

Wy binne berikber, altyd online en stekke ús miening net ûnder stuollen of banken. As der earne wat oan de hân is, ha ús goed oefene twa tommen binnen tsien tellen al in berjochtsje tikke en dat de wrâld ynstjoerd. Ien fan de favorite plakken om dat te dwaan is fansels twitter. In medium dat op stjerren nei dea wie, mar Donald Trump is der yn heechst eigen persoan allinnich yn slagge om twitter ta in ferlingstik fan it wetboek te meitsjen.

Ien tweet fan Donald en de JSF kelderet yn priis, de oandielen geane omheech of nei ûnderen, ien tweet fan Donald en de spinaazje en de kofjebeannen binne op. Of hat er dat no krekt net regele? Ik wit it even net mear, want yn de brij fan nepnijs is it dreech om de júste berjochten der út te filterjen. En wy dogge ús dat ek net oan tiid, want wy moatte en sille binnen tsien tellen Donald syn tweets as folslein bespotlik en dwaas en idioat kwalifisearje. Want dat binne se, stik foar stik, fine wy. Of net dan?

No gean ik der fan út dat Trump syn tweets yn it foarste plak hielendal net troch himsels skreaun wurde, mar dat ‘geheel terzijde’. It giet my om de ympakt fan dy 140 tekens. Hoefolle stikelige kollums fan ferûngelike Europeeske moaiskriuwers hat dat iene twitter account al opsmiten? Hoe is it mooglik dat je belied fan multinasjonals lykas General Motors fia in over-the-top tweet feroarje kinne?

Soms bin ik ûnwennich nei de tiid fan dat je in swarte bakeliten telefoan yn de gong hienen. Dêr wie it kâld en it snoer krekt net lang genôch om yn de waarme keuken te stean as der ien belle. It duorre meastal ek wol tsien tellen foar't der opnaam waard. Toet... toet... toet... Om stil fan te wurden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)