Plysje sjit by wyldwest-achterfolging yn sintrum Hearrenfean

21 jan 2017 - 07:04

By in achterfolging fan in auto yn it sintrum fan Hearrenfean hat de plysje sketten. Dat barde neidat in plysjeman op strjitte oan de kant springe moast om foar te kommen dat er oanriden waard. Twa fertochten binne oanholden. It giet om twa Ingelstalige minsken, in 26-jierrige man en in 20-jierrige frou. Beiden ha gjin fêst wenplak.

De automobilist negearre freedtejûn yn Sint-Nyk twa stoptekens by in reguliere kontrôle. De plysje sette de achterfolging yn. Dêrby rekken meardere plysje-auto's skansearre.

Sketten

Yn it sintrum fan It Hearrenfean rekke de auto fan de fertochten fan de dyk. In plysjeman sette syn auto derfoar en stapte út om de fertochten oan te sprekken. "Op dat moment gaf de bestuurder een dot gas. Mijn collega moest aan de kant springen om te voorkomen dat hij geschept werd", fertelt plysjewurdfierder Ron Reinds.

De folge in nije achterfolging, wêrby't de plysje op de K.R. Poststrjitte op de auto fan de fertochten sketten hat. Op de krusing mei de Weinmakker koe de plysje de fertochten klemride. Dêr binne se mei lutsen pistoalen út de auto helle. Yn de auto binne gjin wapens oantroffen. Hjirûnder is te sjen hoe't de auto klemriden wurdt. (Tekst giet fierder ûnder de fideo)

Besykjen ta moard/deaslach

Wêrom't de man útnaaide, is noch ûndúdlik. Wol is bekend dat de manlike bestjoerder ûnder ynfloed fan alkohol wie. Beide fertochten wurde fertrocht fan besykjen ta swiere mishanneling of besykjen ta moard/deaslach.

(advertinsje)
(advertinsje)