Wismeijer komt by follybalfroulju VC Sneek

20 jan 2017 - 23:05
VC Snits (hjir op argyffoto) - Foto: Martin de Jong

Monique Wismeijer komt de follybalfroulju VC Sneek fersterkjen. Snits wie op syk nei in ferfangende spulferdielster en kaam út by Wismeijer, in âlde bekende fan coach Petra Groenland. Wismeijer, 38 jier âld, is in eks-international en makket nei sân jier har rentree op de Nederlânske follybalfjilden. Snits wie op syk nei in spulferdielster nei't Dorien den Otter ophâlde.

Wismeijer hat ôfrûne moandei foar it earst meitraind mei de seleksje fan Snits, en dat is goed befallen. "Ik vind het geweldig dat Petra me gevraagd heeft om het team te helpen. Vanuit Amsterdam is Sneek prima te bereizen voor iets dat je leuk vindt. Het is natuurlijk wel weer even wennen, maar ik kom dan ook als aanvulling."

Trefwurden: 
VC Sneek follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)