Pelle van Amersfoort wit syn eigen posysje net

20 jan 2017 - 22:05

Pelle van Amersfoort wit net oft hy in middenfjilder of in spits is. Op dit stuit spilet hy syn wedstriden foar SC Hearrenfean op de nûmer 10 posysje, wylst hy eartiids altyd spits wie. Dit seizoen is hy ûnder trainer Jurgen Streppel definityf trochbrutsen. Streppel is bliid mei it hurde wurkjen fan Van Amersfoort, mar fynt wol dat hy wat faker assists en doelpunten meitsje mei. Van Amersfoort is it mei de krityk fan Streppel iens: "Ik wil me niet teveel druk opleggen, maar het zou fijn zijn als ik wat meer scoor."

Nettsjinsteande it feit dat Van Amersfoort der in perioade útlein hat, fanwegen in blinetermoperaasje, is hy altyd basisspiler by Hearrenfean as hy fit is. Hy makket him gjin soargen oer syn basisplak troch de komst fan Martin Ødegaard. "Ik vind het leuk dat hij van Real Madrid komt. Doordat hij zo goed is maakt hij ons beter."

(Advertinsje)
(Advertinsje)