Textures en The Charm The Fury op Into The Grave

20 jan 2017 - 20:49
Foto: Omrop Fryslân, Maarten Bruining

Metalband Textures en metalcoreband The Charm The Fury komme nei it festival Into the Grave yn Ljouwert. De organisaasje is tige wiis mei it fêstlizzen fan beide Nederlânske bands. Textures is neffens de organisaasje de lêste jierren útgroeid ta in begryp yn de wrâldwide metalscene. Ek de deiyndieling foar it festival is bekend makke en is te finen op de webside fan it festival. Into the Grave fynt plak op 11 en 12 augustus.

Trefwurden: 
Into the Grave metal festival
(Advertinsje)
(Advertinsje)