Lytse brân by REC yn Harns

By de REC is freed in lytse brân útbrutsen. Yn in ôffaltrachter is guod yn 'e brân flein. Meiwurkers fan de REC hawwe earst besocht it fjoer sels te blussen, mar de brânwacht fan Harns waard ynskeakele om it blussen oer te nimmen. De lytse brân wie gau ûnder kontrôle. It is noch ûndúdlik hoe't de brân krekt ûntstean koe, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.