Dosint makket replika fan auto Verstappen

20 jan 2017 - 18:28

Hy is sa'n 3 meter lang, hat hast in kopy fan it stjoer fan in echte formule-1-wein en hat ek deselde 'looks' as it racemonster fan Max Verstappen. Op ROC de Friese Poort yn Drachten is er te bewûnderjen, in sabeare model fan de auto fan Verstappen. Hy is makke troch Matthijs Dam, dy't les jout op de skoalle. Ien en oar is ûnderdiel fan de iepen dagen dy't de skoalle dit wykein organisearret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)