Hûn sakket troch it iis, rêdingsaksje op tou set

In hûn is freedtemiddei yn it wetter by de Schieringerwei yn Ljouwert ferdronken. It bist sakke troch it iis en wie dêrnei net mear te rêden. De plysje en dûkers fan de brânwacht rieden út om te besykjen de hûn ûnder it iis wei te krijen. Nei in oere waard it bist op de boaiem fan it wetter fûn. De biste-ambulânse hat de deade hûn meinaam.