Provinsjale prizen foar De Wiekslag en Piet Bakkerskoalle

De provinsjale ûnderwiisprizen fan Fryslân binne dit jier foar de RK Jenaplanskoalle De Wiekslag yn Drachten en de Piet Bakkerskoalle foar ZMLK yn Snits. De Wiekslag wûn yn de kategory Primair Underwiis mei in projekt wêryn't de skoalle gearwurket mei it fersoargingshûs dat njonken de skoalle stiet. De Piet Bakkerskoalle wûn by it fuortsetûnderwiis mei in film wêryn't de relaasje tusken dizze foarm fan spesjaal ûnderwiis en de staazje-praktyk sintraal stiet. De provinsjale winners gean automatysk troch foar de Nasjonale Underwiispriis.
De finale dêrfan is op 29 maart 2017.