Jan Blokhuijsen oan de lieding op it NK allround

Jan Blokhuijsen © awfoto.nl
Jan Blokhuijsen giet nei de earste dei fan it NK allround oan de lieding. Blokhuijsen waard tredde (36.58) op de 500 meter en wûn de 5000 meter yn 6.20.68. Marcel Bosker waard twadde op de 5000 yn 6.24.76, Patrick Roest tredde mei 6.25.54. Koen Verweij, winner fan de 500 meter, kaam net fierder as it njoggende plak. Arjan Stroetinga waard sechsde op de 5 km. Blokhuijsen hat 1.31 foarsprong op Patrick Roest op de 1500 meter fan moarn.