Oranje froulju dinderje oer Roemenië hinne

20 jan 2017 - 17:11

De Oranje froulju hawwe freed de oefenynterlân tsjin Roemenië wûn. Yn it Spaanske La Manga mochten Sisca Folkertsma fan Sleat en Sherida Spitse fan Snits yn de basis begjinne. Oranje hie yn it earste kertier de wedstriid yn hannen, mar yn de 21ste minút kamen de Roemenen sels op in 1-0 foarsprong. Yn de 44ste minút koe Lineth Beerensteyn Nederlân njonken Roemenië sjitte: 1-1. Nei de rêst diene de Oranjefroulju de foet op it gas, en rûn de skoare al gau op. Mei goals fan Roord (2), Spitse en Miedema (2) waard it úteinlik 7-1 foar Nederlân.

Trefwurden: 
fuotbal Oranje froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)