Definsive problemen foar SC Hearrenfean

Joost van Aken © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Definsive swierrichheden foar SC Hearrenfean yn oanrin nei de topper tsjin PSV. Ferdediger Joost van Aken ûntbrekt yn de útwedstriid tsjin de Eindhovenaren. Foar Jerry St. Juste is it noch net wis oft er meidwaan kin. Doke Schmidt of Shay Facey soene syn logyske ferfangers wêze. Neffens trainer Jurgen Streppel seach de blessuere ''er niet zo goed uit'' en moat ûndersyk sneon útwize of Van Aken de wedstriid tsjin PSV hellet.
Fierder kin trainer Jurgen Streppel gjin berop dwaan op de blessearden Henk Veerman en Stijn Schaars. Op it middenfjild liket Morten Thorsby de foarkar te krijen boppe Younes Namli. De training yn tarieding op de útwedstriid yn Eindhoven fûn plak yn it stadion, om't de fjilden op sportpark Skoatterwâld te hurd binne om te trainen. PSV is de nûmer trije fan de earedifyzje mei fiif punten mear as Hearrenfean.