Hurdegarypster frijsprutsen fan oanranding

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Hurdegaryp is freed frijsprutsen fan oanranding. De man stie terjochte omdat er yn febrewaris ferline jier in famke fan 14 fêstpakt hawwe soe en syn hân op har billen lein hawwe soe. Mar de man hat hieltyd ûntkend dat er der wat mei te krijen hie. De offisier fan justysje hie in wurkstraf en in selstraf ûnder betingst easke. Mar de rjochter seit dat der te min bewiis is en hat de man frijsprutsen.