Yvonne Nauta wint de 3000 meter op it NK allround

20 jan 2017 - 15:17

Yvonne Nauta hat mei in moaie 4.06.54 de 3000 meter wûn op it NK allround. Troch de winst klimt Nauta yn it klassemint nei it tredde plak. Jorien ter Mors, de bêste op de 500 meter, kaam troch sykte net mear yn aksje. Marije Joling waard twadde op de 3000 meter yn 4.07.78, Melissa Wijfje tredde yn 4.08.37.

Nei de earste dei giet Marije Joling oan de lieding, foar Linda de Vries en Yvonne Nauta. It doel fan Nauta is dúdlik, kampioen wurde krekt sa as yn 2014 en in startbewiis foar it WK allround begjin maart yn Hamar.

Ireen Wüst en Antoinette de Jong, beide net op it NK allround, binne al wis fan it WK yn Hamar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)