Boargemaster It Bilt: "Lestige Afrikanen wurde lân útsetten"

20 jan 2017 - 14:21

Der liket in ein te kommen oan de oerlêst dy't in lyts groepke Noard-Afrikanen út it azc yn Sint-Anne feroarsaket. Boargemaster Gerrit Krol fan It Bilt hat de tasizzing krigen dat de asylsikers op koarte termyn it lân útset wurde. It wachtsjen wie op dy útsetting. De groep soarge earst foar oerlêst yn Sint-Anne, letter ferpleatste dy oerlêst him nei Ljouwert.

Troch kommende fierkiezings hat de polityk yn Den Haach der belang by dat dit probleem sa gau as mooglik oplost wurdt, seit Krol. Hy fynt dat tenei foarkaam wurde moat dat asylsikers it lân ynkomme kinne as se gjin kâns meitsje op in ferbliuwsfergunning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)