Ter Mors en Verweij winne 500 meter op NK allround

20 jan 2017 - 13:47
Jorien ter Mors - Foto: awfoto.nl

Jorien ter Mors en Koen Verweij ha de 500 meter wûn op it NK allround yn Thialf. Ter Mors wie oppermachtich mei har winnende 38.59. Linda de Vries waard twadde yn 39.68 en Marije Joling tredde yn 39.98. Yvonne Nauta einige as njoggende yn 40.70.

By de manlju wûn Koen Verweij yn 36.45. Patrick Roest waard twadde yn 36.53, Jan Blokhuijsen tredde yn 36.58.

Fuort nei har 500 meter moast Ter Mors ôfsizze foar de oare ôfstannen. Se is siik.

Trefwurden: 
reedriden NK Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)