In hûs yn Fryslân is in parkearplak yn Amsterdam

20 jan 2017 - 15:17

De huzeprizen yn Nederlân sitte nei de krisis alwer in skoftke yn 'e lift. Ek wurde der wer mear huzen ferkocht en stean wenningen foar in minder lange tiid te keap. Dochs binne der grutte regionale ferskillen en lizze de prizen fan wenningen bytiden fier útelkoar. Wolsto graach yn Amsterdam wenje? Dat kin, mar dan moast wol ta de bûse komme. Yn Fryslân kinne je faaks foar minder jild in grutter hûs oanskaffe. Wy hawwe in tal moaie fergelikingen, mei help fan de huzewebside Funda.nl, op in rychje set. 


Goedkeap parkearje neame se dat. Foar ''slechts'' 50.000 euro bisto eigener fan dizze garaazje yn de haadstêd fan Nederlân! De ynhâld fan de boks krijsto der net by. Leist itselde bedrach yn Ljussens op tafel, dan hasto in frijsteande wente, mei foar- en achtertún. Wy wisten it wol! 

In kategory heger fine we dizze prachtige wente yn Amsterdam. Wente of keamer? Want grutter as tritich fjouwerkante meter wurdt dit ''koopje'' net. Mei in ton kin je ek yn Boazum wenje, yn de boppesteande idyllyske wenning. Mei in grutte achtertún én lizzend oan it wetter...

Foar 200.000 euro hasto wol in echte wenning yn de haadstêd fan Nederlân! Gjin keammerke, mar gewoan in folslein hûs. Dêr is wol alles mei sein, want 55 fjouwerkante meter oan wenopperflak hâldt net oer. Komt noch by datsto yn it hûs alles ferbouwe moast. By de wenning yn Drachten kinsto der sa yn! Noch gjin tsien jier âld en foarsjoen fan alle gemakken.

Wenje en sliepe op it wetter, dat hat dochs wol wat! Foar in lytse 300.000 euro bisto de grutske eigener fan dizze wenboat yn de Amsterdamske grêften. Yn Wjelsryp hasto foar itselde bedrach in filla oan it wetter, mei garaazje en in eigen steiger! 

Dizze deal liket op it earste gesicht sa min noch net! Mar by neier ûndersyk docht bliken dat it mar om in appartemint fan 58 fjouwerkante meter giet. Wol moai ôfwurke, dat dan wer wol. Wat mear romte fynsto yn Finkegea. Dêr stiet dizze wenpleats mei mar leafst oardel bunder lân. 

In heal miljoen euro! Dat is in flink bedrach. Foar dat jild krijsto yn Amsterdam dizze frijsteande wenning, mei twa sliepkeamers en in moaie brievebus! Ta fergelyk: yn Hegebeintum bisto mei dit bedrach eigener fan Harsta State! In prachtige bûtenpleats mei wenning, blokhutte en in eigen tún mei ferskate fruitbeammen. Ienfâldige kar, soene wy sizze!

Tichteby it sintrum fan Amsterdam wenje is wol sa handich. By dit appartemint bisto yn in kertierke yn 'e binnenstêd. Der moast dan wol sa'n 600.000 euro foar dellizze. Kinst ek kieze foar in filla yn Sondel yn gemeente De Fryske Marren. Oan 'e râne fan de bosk, mei in bak foar de hynders en twa garaazjes. Wat in lúkse!

Amsterdam-Súd, in better plak om te wenjen is der net, sa tinke in protte minsken. Foar dit bedrach wurdsto eigener fan dizze flat, tichteby Schiphol Airport. Nee, net de hiele flat, gewoan ien appartemint. Kinst de auto wol bûten foar de doar sette. Makkesto de kar foar Aldegea (Smellingerlân), dan krijsto dizze futuristyske wente oan it wetter by nasjonaal park De Alde Feanen. Ek noch enerzjysunich, toe mar!

Wy komme yn 'e buert fan in miljoen euro! Foar 800.000 euro's wennesto yn dizze moderne wente yn Amsterdam, mei garaazje. Der sit sels noch in lyts balkon by, dêr'tsto yn 'e simmer noflik bûten sitte kinst. Dat kin natuerlik ek yn 'e omjouwing fan Tytsjerk. Dêr kinsto foar itselde bedrach hast keninklik wenje yn de pleats fan de âld-kommissaris fan de Kening yn Fryslân, John Jorritsma.

Foar njoggen ton bisto eigener fan dizze karakteristike wenning yn de haadstêd fan Nederlân. Fjouwer ferdjippings, mei genôch romte en sliepkeamers. Der wurdt sa no en dan wol mei masines foar de doar wurke, mar dat moatte je dan mar foar leaf nimme. Kinst natuerlik ek de kar meitsje foar Aldebiltsyl. Fan dizze pleats mei in bunder eigen lân kinsto de keamers hast net mear telle. Folslein modernisearre en ferboud, tsien jier lyn.

Dêr binne we dan einliks: de grins fan ien miljoen euro! Foar dat bedrach hasto in appartemint yn it sintrum fan Amsterdam, mei twa sliepkeamers. Yn Ternaard keapest hjir it âld riedhûs foar. Folslein renovearre, fjouwer ferdjippings én in garaazje ûnder it gebou. Hoecht it om dy net sa grut? Dan kinsto de boppeste twa wenlagen ferhiere, want dêr binne folsleine apparteminten yn makke! 

In rychjeshûs foar twa miljoen euro? Yn Amsterdam-Súd kin alles! Dan hasto wol in wenning dy't resint folslein renovearre is, mei genôch sliepkeamers en in tún op it suden. Dochs kinsto dan better yn Diken wenje! Foar itselde bedrach hasto in wenpleats mei hast in bunder eigen lân, mear sliepkeamers as datsto gasten hâlde kinst en in ferwaarme bûtenswimbad. Wat is Fryslân dochs in moai plak om te wenjen!

(advertinsje)
(advertinsje)