Fûgelwacht hat skjin syn nocht fan aaisikersdiskusje

20 jan 2017 - 13:40
Ljipaai komt út - Foto: Henk Bootsma

As de leden it net mear wolle, dan freegje wy dit jier gjin ûntheffing oan foar it aaisykjen. Dat seit foarsitter Rendert Algra fan it bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW. Sa soe it kinne dat der definityf in ein komt oan de aaisikerstradysje. Algra fernimt hieltyd mear diskusje oer it aaisykjen, en dêr ha de leden fan it BFVW sa njonkenlytsen skjin har nocht fan, seit er.

"Net sykje? Dan ek gjin neisoarch"

It bûn fan Fryske fûgelwachten hâldt moandei oer in wike in ekstra ledegearkomste om te praten oer hoe't it dit jier moat mei it ljipaaisykjen. De ôfrûne twa jier waarden de aaien net meinaam, omdat it min giet mei de ljip. It bestjoer wol de aaisikerstradysje graach oerein hâlde. Wol sykje, en net meinimme, dat soe ek dit jier wol wer kinne, seit Algra. "Mar it kin ek wêze dat de leden dan sizze: 'dan dogge we leaver hielendal neat.' Dan ha we ek gjin neisoarch."

In 'kriminele organisaasje'

De leden fan it BFVW wolle ôf fan it imago as aaisikersferiening, seit Algra. "Wy binne in beskermingsferiening foar de greidefûgels. Wy fine it ferfelend dat we de lêste jierren delset wurde as in heale kriminele organisaasje, troch minsken dy't sizze 'jim nimme aaien mei'. Dat byld is hiel lestich te kanteljen. Wylst wy 4000 frijwilligers ha dy't trije moannen yn it jier it fjild yn geane om greidegfûgelnêsten te beskermjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)