Cambuur siket herstel op De Herdgang

20 jan 2017 - 13:38

Nei it ferlies fan ferline wike yn de thúswedstriid tsjin VVV-Venlo hopet Cambuur de positive tried tsjin Jong PSV wer op te pakken. De Ljouwerters spylje op sneontejûn tsjin de beloften út Eindhoven. De wedstriid stie pland op moandeitejûn, mar troch de bekerwedstriid fan Cambuur woansdei tsjin FC Utrecht, is de wedstriid ferpleatst nei sneontejûn, kertier foar achten. By Cambuur is Peersman noch in fraachteken. Hy is net hielendal fit. Spilet hy net, dan is Delvechio Blackson syn ferfanger. Fierder feroaret der nei alle gedachten neat.

Farshad Noor, dizze wike foar in healjier hierd fan Roda JC, sit by de seleksje en dat jildt ek foar de ferline wike oanlutsen Tarik Tissoudali. Jordy van Deelen is wer fit en sit yn alle gefallen by de seleksje.

De wierskynlike opstelling fan Cambuur: Zeinstra; Houtkoop, Peersman (Blackson), Schilder, El Baad, Anderson (Van Deelen); Bakker, Van de Streek, Monteiro; Hoefdraad, Barto.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)