Dûkers sykje slachtoffer ûnder iis by Ryptsjerksterpolder

20 jan 2017 - 11:28

Helptsjinsten ha om it middeisoere in grutte sykaksje holden yn de Ryptsjerksterpolder. By in wek yn it iis op de feart yn de buert fan de mûne wie in tas mei redens fûn. Dûkers fan de brânwacht ha socht yn it wek. Nei in lyts oere hat de eigneresse fan de redens har by de plysje melden. Se siet lang en breed feilich thús.

De frou wie in dei earder al troch it iis sakke. Doe't se fan de sykaksje hearde, belle se fuort en daliks 112 om út te lizzen dat se har redens gau útlutsen hie neidat se yn de feart bedarre wie. Se wie fuort en daliks yn de auto stapt en nei hûs ta riden foar in waarme dûs, en hie net yn de gaten dat in ein fierderop manmachtich nei har socht waard. 

It Frysk iisbûn warskôget minsken wilens om it iis net op te gean. Lâniis ek net, seit iismaster Sytse Kroes. It is flintertin, je sakje der samar trochhinne, en je witte net wat der ûnder sit. Tongersdei kamen de helptsjinsten ek al yn aksje om minsken te helpen dy't troch it iis sakke wienen. Dat rûn doe ek goed ôf.

Trefwurden: 
dûkers wek sykje iis brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)