Twa portiers mishannele yn Ljouwerter binnenstêd

20 jan 2017 - 10:38
De Doelesteech yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa minsken oanhâlden nei't dy portiers mishannele hiene. In 26-jierrige frou út Snits waard oanhâlden nei't se yn de Doelesteech in man en in portier yn it gesicht slein hie.

In 26-jierrige Ljouwerter waard út in hoarekagelegenhyd oan it Ruterskertier set om't hy him misdroech. De man waard earst tasprutsen troch de plysje. It like as wie hy kalmearre, mar efkes letter mishannele hy in portier. De man is dêrnei meinaam nei it plysjeburo. Beide saken binne noch yn ûndersyk.

Trefwurden: 
portiers mishannele Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)