Boeren lilk om molkpoeieroerskot fan hûnderttûzenen tonnen

20 jan 2017 - 10:15

In groep boeren sil moandei nei Brussel te demonstrearjen. De boeren  binne der bang foar dat de molkepriis op 'e nij ûnderút giet as de Europeeske Kommisje de besteande molkpoeierberch fan 400.000 ton molkepoeier op de merk bringe sil. De molkepriis yn no alwer in stik leger as ein foarich jier.

Yn septimber 2015 wie der ek in boeredemonstraasje yn Brussel. De hiele stêd siet doe muorrefêst troch hûnderten trekkers. De plysje hat doe ek wetterkanonnen ynset om de boeren yn de stringen te hâlden.

Like slim as yn 2015 sil it moandei net wurde, ferwachtet Sieta van Keimpema. Se is de vice-foarsitter fan de Eurpeeske feriening fan melkfeehâlders EMB, dy't de demonstraasje organisearret. It giet moandei om in koartere aksje, foar it gebou fan de Europeeske Ried, dêr't dan de Europeeske lânbouministers fergaderje.

Van Keimpema stelt foar om feefretten fan it molkepoeier te meitsjen. Eksportearje, nei Afrika bygelyks, is gjin opsje, seit se, want dan soene de boeren ek yn de problemen komme, omdat ekstra oanbod yn Afrika de molkepriis hjir ek drukke sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)