Plysje dielt boeten út by grutte ferkearskontrôle

20 jan 2017 - 08:38
(foto as yllustraasje) - Foto: ANP

By in grutte ferkearskontrôle yn en om Ljouwert, hat de plysje tongersdei ferskate boeten útdield. Trije autobestjoerders krigen in bekeuring omdat se de riem net omhienen. Trije oare bestjoerders hienen de mistljochten oan, wylst dat net mocht, en dêr krigen se ek in boete foar.

Fierders wiene der bekeurings foar it riden sûnder rydbewiis, foar it riden mei in stikkene foarrút en foar it net folgjen fan de ferplichte rydrjochting op in rotonde. Trettjin fytsers krigen in boete foar it fytsen sûnder fytsferljochting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)