Sjauffeurs AB Transport Groep wolle aksjefiere

AB Transport Groep op It Hearrenfean © Google Streetview
De sjauffeurs fan AB Transport Groep sille aksjefiere. It oerlis tusken de fakbûnen en de direksje fan AB Transport Groep fan It Hearrenfean oer it weromdraaien fan de fjouwerdaagse wurkwike is tongersdeitejûn mislearre. De sjauffeurs binne it net iens mei de fjouwerdaagse wurkwike, dy't op 1 jannewaris yngien is.
It konflikt draait om de finansjele gefolgen dy't de ynfiering fan de wurkwike hat foar de goed sechstich sjauffeurs fan it bedriuw op it Fean. Se soene minder fertsjinje en moatte faker yn it wykein wurkje.
Ek moatte se faker brutsen tsjinsten draaie en dat betsjut dat se op eigen kosten fan hûs wer nei harren stânplak ride moatte. Dit alles wie oanlieding foar de fakbûnen om oan de bel te lûken, mar sûnder fertuten dus.
"We zijn geen stap verder gekomen. Eerder het tegenovergestelde, want we kregen een dreigement om de oren", sa seit Linda Slagter fan it CNV. "Veel chauffeurs zijn boos en staan achter het voeren van acties. Die gaan we nu dus voorbereiden."