De Jouwer set darter 'Noppie' yn it sintsje

19 jan 2017 - 22:21

Darter Danny Noppert is tongersdeitejûn feestlik huldige yn syn wenplak De Jouwer. De 26-jierrige Lakeside-finalist waard yn sealesintrum 't Haske troch sa'n tachtich fans yn it sintsje set foar syn prestaasje op it wrâldkampioenskip darten, ôfrûne snein yn it Ingelske Frimley Green. 'Noppie' waard twadde nei't er de finale ferlear fan Glen Durrant. Mar foar de fans op De Jouwer is hy in winner. Se songen him ta en ek de boargemaster wie oanwêzich by de huldiging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)