Aris ferliest mei 87-68 út tsjin Rotterdam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha tongersdeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin Rotterdam ferlern. It waard 87-68 yn Rotterdam. De Ljouwerter nûmer fiif fan de earedifyzje en de Rotterdamske nûmer sân wiene earst reedlik yn lykwicht.
Aris sleat it earste kwart mei in lichte foarsprong fan 22-19 ôf, mar spile dêrnei sleau. Rotterdam naam dan ek it inisjatyf en sloech in gatsje, sadat it twadde kwart yn 42-34 einige. Yn it tredde kwart krige Aris it gat net ticht: 67-52. Yn de einfaze rûnen de Súd-Hollanners fierder út nei 87-68.